De Alblasserwaard (Nederlânsk: Alblasserwaard) is in lânstreek yn it súdeasten fan 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân en in lyts diel yn de provinsje Utert. It gebiet leit eastlik en súdeastlik fan 'e stêd Rotterdam, en noardeastlik fan Doardt. It foarmet it súdlike diel fan it saneamde Griene Hert (fan 'e Rânestêd). Pas nei de foltôging fan 'e Alde Sederik, in kanaal dat yn 1370 groeven waard tusken Ameide en Meerkerk, kaam de Alblasserwaard ûnder dy namme bekend te stean, wêrby't it ferneamd waard nei it rivierke de Alblas. Foartiid stie it bekend as "it Lân tusken Lek en Merwede". De Alblasserwaard stiet benammen bekend om 'e wrâldferneamde Wynmûnen fan Kinderdijk.