Blitsaerd

Blitsaerd
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Plak Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 1.100 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 124 ha
Oar
Koördinaten 53° 13′ NB, 5° 50′ EL

De Blitsaerd is in buert fan Ljouwert dêr't earder de Bullepolder wie. De Blitsaerd is mei De Súdlannen ien fan de nijste wiken fan Ljouwert. Blitsaerd wie oarspronklik in terp, lizzend op it twadde persiel lofts fan de Lekkumerwei. Letter waard de buorskip Blitsaerd oantsjutten as it gebiet tusken de mear (grinssleat) de Bonke en de hjoeddeiske Miedwei. Hy wurdt yn 1490 Blitzaerda weij en letter ek Blissaerd, Bletsaerd en Blytssaerd neamd. De term ‘blits’ hat te krijen mei ‘blik’ en ‘blinkend’. By't winter lei it gebiet ûnder wetter. Yn de rin fan maaie kaam it gebiet drûch te lizzen en riisde it as glânzjend út it lânskip omheech. De doarpen om Blitsaerd hinne (Lekkum en Snakkerbuorren) hawwe de útwreiding fan Ljouwert lang opkeard. In 2006 waard begûn mei de bou en op 8 july 2006 waard de earste wente oplevere.

  1. https://opendata.cbs.nl/statline

Blitsaerd

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne