In boffert of trompkoeke is in Frysk bakkersprodukt. It wie waarm iten foar earmelju en waard iten mei op elk plak bûter en sûker, of sjerp.[1] It is in soarte keek en waard ek wol iten mei waarme fanyljesaus. Bofferts waarden makke fan moal, molke, krinten, aaien en gist. Letter kamen der ek moderne resepten.
Fanâlds waarden bofferts as kreamkadootsje jûn troch de neiste buorlju. By de berte fan in jonge waard in krinteboffert jûn, en by in famke in sûkerboffert.[2]