Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Burren

De Poulnabrone Dolmen yn de Burren
Burren
De kust fan de Burren

De Burren (Iersk: Boireann, nije stavering Boirinn, "grutte rots") is een uniek karstlânskip yn it noardwesten fan it greefskip Clare yn Ierlân. It kalkstiengebiet hat in oerflak fan sa'n 300 km². Oan de noardside wurdt it begrinzge troch de Baai fan Galway en oan de westkant troch de Cliffs of Moher.

Nettsjinsteande it rotsige lânskip komme der in soad planten út ferskaat oan biotopen foar. Teffens libje der in protte diersoarten. Under de Burren sitte tûzenen grotten, dêr't de Aillwee Cave de ferneamdste fan is.

De Burren is ryk oan archeologyske monuminten. Fral de Poulnabrone Dolmen lûkt in soad minsken. Dat grêfmonumint út it Neolitikum is yn de jierren tachtich fan de tweintigste iuw archeologysk ûndersocht. It die bliken dat it monumint it grêf foar te minste 33 persoanen wie.


Previous Page Next Page






An Bhoireann BR The Burren Catalan Burren Czech Burren German The Burren English The Burren EO El Burren Spanish The Burren EU Burrenin kansallispuisto Finnish Burren French

Responsive image

Responsive image