Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Coldstream

Coldstream
Cauldstream
De Tweed by Coldstream
De Tweed by Coldstream
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Steat Skotlân
Sifers
Ynwennertal 2.050 (2006)
Offisjele webside
Offisjele webside Coldstream

Coldstream (Skotsk-Gaelysk: An t-Alltan Fuar) is in lytse stêd yn it Borders distrikt fan Skotlân. It leit oan de noardouwer fan de rivier de Tweed yn Berwickshire, Northumberland yn Ingelân begjint op de súdigge. Coldstream wie earder in burgh (frije stêd) en is de thúsbasis fan de Coldstream Guards, in yn 1650 oprjochte rezjymint yn it Britske leger. Coldstream is ek it plak dêr't Edward I fan Ingelân syn ynvaazje fan Skotlân begûn yn 1296.

Yn de 18e en 19e iuw wie Coldstream populêr by lju dy't stiekum trouwe woenen, út reden fan syn lizzing oan de grutte dyk, lykas ek it plak Gretna Green. It besjen wurdich binne it tolhûs, dêr't houliken sletten wurde, en 'The Hirsel', it foarâlderlik hûs fan de Greven fan Home.

Henderson Park hat in goed útsjoch oer de rivier en it 'Nonnepaadsje'("Nun's Walk") rint deun neist it wetter.


Previous Page Next Page






Coldstream (lungsod sa Hiniusang Gingharian) CEB Coldstream CY Coldstream German Coldstream English Coldstream Spanish Coldstream EU کلدستریم FA Coldstream (Écosse) French An Sruthan Fuar GA An Sruthan Fuar GD

Responsive image

Responsive image