cuvierfyskatsja | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lagidium viscacia | ||||||||||||
Molina, 1782 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De cuvierfyskatsja of Cuviers fyskatsja (wittenskiplike namme: Lagidium viscacia) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wolmûzen (Chinchillidae) en it skaai fan 'e berchfyskatsja's (Lagidium), dat yn westlik-sintraal Súd-Amearika foarkomt. Mei syn lange earen en efterpoaten hat dit bist sterk wei fan in knyn of in hazze, mar de lange plomsturt bedjert dy likenis.