Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Ferkearsplein

In rotonde fan gelikense hichte
In rotonde mei ien trochgeande wei
In swevende rotonde

In ferkearsplein, sa't dy yn Nederlân ornaris neamd wurdt, of in rotondeknooppunt is in ferkearsknooppunt yn de foarm fan in grutte rotonde, dêr't guon fan ferkearsljochten hawwe. Guon ferkearspleinen binne knooppunten fan autosneldiken. Dêr binne trije farianten fan:

De earste fariant wurdt gauris brûkt by krusings fan sekundêre diken en stedsdiken. De twadde fariant wurdt gauris brûkt dêr't in sekundêre yk op in autosneldyk oanslút. De tredde fariant wurdt yn Nederlân net tefolle brûkt, mar wurdt lykwols yn it Feriene Keninkryk en Ierlân faker brûkt.

By drokke ferkearspleinen wurdt der gauris in ekstra rydstripe oanlein, sadat it ferkear dat rjochts ôfslacht, net oer it ferkearsplein hoecht te riden. Sokke ferbinings wurde bypass neamd. Soks wie ek it gefal by de rotonde fan it knooppunt De Jouwer, ear't er omboud waard ta de hjoeddeistige sitewaasje.


Previous Page Next Page






Roundabout interchange English Giratoire dénivelé French Verkeersplein Dutch

Responsive image

Responsive image