Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Flachbekkwabben

Flachbekkwabben
Seenettels (Chrysaora fuscescens).
Seenettels (Chrysaora fuscescens).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
rangleas takson: weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: radiaaldieren (Radiata)
stamme: netteldieren (Cnidaria)
klasse: skiifkwabben (Scyphozoa)
ûnderklasse: echte skiifkwabben (Discomedusae)
skift: flachbekkwabben (Semaeostomeae)
L. Agassiz, 1862

De flachbekkwabben (Latynske namme: Semaeostomeae) foarmje in skift fan 'e stamme fan 'e netteldieren (Cnidaria), de klasse fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa) en de ûnderklasse fan 'e echte skiifkwabben (Discomedusae). Dit is in groep fan grutte kwabben dy't karakterisearre wurde troch fjouwer lange, franjefoarmige mûlearms dy't de fjouwerkante bek flankearje. Dêropta hawwe se ornaris acht tentakels dêr't se har proaien mei fange. Har iten bestiet út soöplankton en lytse fiskjes. It lichem fan flachbekkwabben is klokfoarmich mei kartele rânen, en har spiisfertarringsstelsel bestiet út fjouwer ûnfertakke pûdsjes dy't yn in ring om 'e sintrale mage hinne groepearre binne.


Previous Page Next Page






Yastımeduzlar AZ Дискомедузи Bulgarian Semeòstoms Catalan Semaeostomeae CEB Fahnenquallen German Semaeostomeae English Semaeostomeae Spanish Kiekkomeduusat Finnish Semaeostomeae French פתוחי פה HE

Responsive image

Responsive image