Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Gimmick

In gimmick is in lienwurd út it Ingelsk wêrmei't yn 'e marketingterminology in unyk of opmerklik skaaimerk oantsjut wurdt, dat it foarwerp of de persoan dêr't it om giet opfalle lit en ûnderskiedt fan soartgelikense dingen of persoanen. Sa'n spesjaal skaaimerk hat lykwols ornaris net folle praktysk nut; it is dus wat opfallends poer om mei op te fallen. De term 'gimmick' ûntstie oarspronklik as oantsjutting foar de aksjes fan 'e assistinten fan oplichters en gûchelders, dêr't it publyk mei bedragen waard. Ek tsjintwurdich hat it wurd 'gimmick' noch wolris in negative lading. Foarbylden fan in gimmick kinne wêze in gongelstôk en hege hoed by in dûnser (sa't Fred Astaire bgl. wol droech) of in yn it each springend kleurmotyf fan in toskboarstel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Previous Page Next Page






وسيلة تحايل Arabic Gimmick German Gimmick English گیمیک FA גימיק HE Gimik ID 기믹 Korean Gimmick Swedish Гиммик TG Gimmick ZH-YUE

Responsive image

Responsive image