In gondelfeart is in optocht op it wetter, dêr't taskôgers bylâns stean. De dielnimmende fartugen binne trochstrings keunstich fersierd of ferljochte mei lampkes rûnom in tema; soms is de tocht sintraal regele, faak drage ferienings, strjitten of bedriuwen soarch foar ien boat en binne der prizen te fertsjinjen mei de fersiering fan de boat. Ek is der nei ôfrin faak in gesellich feest mei de priisútrikking, myzyk en sjo's.
In soad gondelfearten wurde holden yn it wetterrike westen en noarden fan Nederlân, mar op oare plakken wurde se ek wol holden. Doe't yn De Knipe de feart tichtsmiten waard in de sechtiger jierren waarden de gondelfearten op boereweinen hâlden. Al docht de namme oars fermoeden, de fartugen binne meastentiids gjin gondels.