Grammis | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Sweedsk | |
útrikt foar | muzyk | |
útrikt troch | IFPI Sweden | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | febrewaris | |
plak | Stokholm (Sweden) | |
ynsteld | 1969; fannijs 1987 | |
1e útrikking | 1969 | |
opheft | 1972 | |
offisjele webside | ||
www.grammis.se |
De Grammis of de Grammis Awards binne in groep Sweedske muzykprizen dy't elts jier útrikt wurdt foar de as bêste beoardiele prestaasjes op it mêd fan 'e Sweedske en ynternasjonale popmuzyk en klassike muzyk fan it foargeande jier. Dizze prizen waarden foar it earst takend yn 1969, mar yn 1972 waarden se opheft, om yn 1987 wer nij libben ynblaasd te wurden. De takenning en útrikking wurdt fersoarge en organisearre troch de IFPI Sweden yn gearwurking mei it deiblêd Expressen. De útrikkingsseremoanje wurdt yn 'e regel yn febrewaris yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm holden. De Grammis wurde beskôge as de wichtichste Sweedske muzykpriis, en as ekwifalint fan 'e Amerikaanske Grammy Awards, dêr't de namme nei ferwiisd.