Guadalupeberchtme | ||
berchtme | ||
geografy | ||
diel fan | Noardamerikaanske Kordillera | |
regio | Amerikaanske Súdwesten | |
lân | Feriene Steaten | |
steaten | Nij-Meksiko Teksas | |
sifers | ||
oerflak | ±1.800 km² | |
lingte | 105 km | |
breedte | 32 km | |
heechste punt | Guadalupe Peak | |
hichte | 2.667 m | |
geology | ||
yndieling | middelberchtme | |
âldens | 299–252 miljoen jr | |
stiensoarte | kalkstien | |
kaart | ||
De lokaasje fan it Guadalupeberchtme (read omsirkele) yn 'e Amerikaanske steaten Nij-Meksiko en Teksas. |
It Guadalupeberchtme (Ingelsk: Guadalupe Mountains; Spaansk: Sierra de Guadalupe) is in berchtme yn 'e Amerikaanske steaten Nij-Meksiko en Teksas. It makket diel út fan 'e Laramide Berchtmekeatling fan 'e Noardamerikaanske Kordillera. De heechste top is Guadalupe Peak, dy't in hichte hat fan 2.667 m boppe seenivo. It Guadalupeberchtme is lykwols in middelberchtme, mei't it "mar" 910 m opriist boppe de omlizzende heechflakte fan 'e Chihuahuawoastyn. It súdlike, Teksaanske part fan it berchtme hat in beskerme status yn 'e foarm fan it Nasjonaal Park Guadalupe Mountains.