Heech | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.385 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 58' NB, 5° 36' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Heech yn 'e eardere gemeente Wymbrits. |
Heech is in doarp oan 'e noardkant fan 'e Hegemer Mar súdwest fan Snits yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. By Heech wurde ek de buorskippen Osingahuzen en Lytshuzen rekkene. Súdeastlik fan Heech lei earder it buorskip Easterwâlde.
Heech is in bekend wettersportsintrum mei in ferskaat oan jachthavens en werven, wêrfan de werf foar platboadems fan Piersma de bekendste is.