Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Heechberchtme

De Switserske Alpen.

In heechberchtme of heechberchte, of ek wol in alpyn berchtme, is neffens de geology en de geografy in berchtme mei in trochsneed hichte fan boppe de 1.500 meter. Yn 'e plantegeografy wurde de fegetaasjesônes fan dy hichte oantsjut as de subalpine sône (1.500–2.000 m), de alpine sône (2.000–2.800 m), de subnivale sône (2.800–3.100 m) en de nivale sône (boppe de 3.100 m). De beneamings binne ôfkomstich fan it Frânske wurd alpine (in eigenskipswurd dat ferwiist nei Alpen of hege bergen yn it algemien) en it Latynske wurd nivalis (dat "mei snie oerdutsen" betsjut). In berchtme dat yn trochsneed leger is as 1.500 m heart ta it middelberchtme. Under de 500 m sprekt men fan leechberchtme.

Heechberchtmen ûnderskiede har dúdlik fan middelberchtmen trochdat se ornaris boppe de beamgrins (±2.000 m) en faak ek boppe de sniegrins (±3.100 m) útkomme. Dat betsjut dat der gletsjers foarkomme of foarkommen hawwe, dy't yn it lêste gefal faak spoaren neilitten hawwe yn 'e foarm fan glasiale eroazje (ôfsliting troch gletsjers) en glasiale lânfoarmen (lykas gletsjermarren en restmorenen). Heechberchtmen binne faak geologysk resint ûntstien. Dat wol sizze dat se 'mar' inkele tsientallen miljoenen jierren âld binne. Dy jonkheid toant him yn in heech reliëf mei spitse, noch net troch eroazje ôfsliten berchtoppen. Middelberchtmen, dêrfoaroer, binne faak âldere heechberchtmen dy't sa ôfsliten binne dat se oant ûnder de grins fan 1.500 m sakke binne. Behalven oan 'e legere hichte is dat ek te sjen oan 'e rûnere foarmen fan 'e bergen en de minder skerpe reliëfferskillen.

Foarbylden fan heechberchtmen binne de Alpen, de Pyreneeën en de Karpaten en bûten Jeropa de Rocky Mountains yn Noard-Amearika, de Andes yn Súd-Amearika, de Atlas yn Afrika, de Himalaya yn Aazje en de Australyske Alpen yn Austraalje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Voetnoten en Bronnen, op dizze side.


Previous Page Next Page






Hochgebirge ALS Alta muntanya Catalan Højfjeld Danish Hochgebirge German Alta montaro EO Alta montaña Spanish Haute montagne French Alta montagna Italian Бийик тоолор KY Hooggebergte Dutch

Responsive image

Responsive image