Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Ierdappelsykte

Ofstjerren troch de ierdappelsykte
Blêdoantaasting op Doré
Oantaaste knollen fan Doré, lingtetrochsnee
Oantaaste knol fan Parel, dwerstrochsnee
Oantaaste tomaten

Ierdappelsykte of phytophthora (fytoftora) is in plantesykte dy’t feroarsake wurdt troch de oömyseet Phytophthora infestans, dy’t in protist is en by de wetterskimmels heart. (Oömyseten lykje bot op skimmels mar binne it net, dêrom wurde se wol pseudo-skimmels neamd).

Dizze sykte feroarsaket knolrot en it brún wurden en ôfstjerren fan de blêden en stâlen. Op tomaat kin dizze sykte foar iertidich ôfstjerren soargje. Ierdappels en tomaten steane bekend om harren gefoeligens foar dizze sykte. Se hearre by de famylje fan de hûnebei-eftigen. Ek oare planten út dizze famylje kinne gefoelich wêze.

Om’t dizze oömyseet him yn kâlde wiete simmers gau ferspriede kin, feroarsaket dizze sykte benammen in soad skea yn de lannen mei in fochtich seeklimaat. Yn de jierren 1845-1849 wie dizze syke yn Ierlân oarsaak fan in regelrjochte ramp. Sawat de hiele ierdappelrispinge mislearre, en der wie hongersneed, de ‘Grutte Hongersneed’, en in soad Ieren emigrearren nei Noard-Amearika.


Previous Page Next Page






Kraut- und Braunfäule German Aardappelziekte Dutch

Responsive image

Responsive image