Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Karsinology

Karsinology is de tûke fan 'e biology dy't him taleit op it bestudearjen fan kreefteftigen, en heart dêrmei ta de soölogy. It wurd 'karsinology' komt fan it Grykske καρκίνος, karkínos ("krab"), en -λογία, -logia ("kunde").

Karsinology falt ûnder it bredere stúdzjefjild fan 'e artropodology, de stúdzje fan lidpoatigen (Arthropoda). Dêrta hearre ek de entomology (stúdzje nei ynsekten), de arachnology (stúdzje nei spineftigen) en de myriapodology (stúdzje nei tûzenpoatigen).

De karsinology omfiemet ek wer ferskillende subdissiplines, lykas astakology, de stúdzje fan rivierkreeften, en sirripedology, de stúdzje fan rankpoatkreeften (lykas seepokken en einemoksels).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.


Previous Page Next Page