Kryptogram

Diagram fan in kryptogram

In kryptogram is in bysûndere foarm fan in krúswurdriedling. It wurd "kryptogram" komt fan it Grykske wurd “kruptos”, dat “ferburgen” betsjut, en gram (by Gryksk gráphein ‘skriuwe'). De yn te foljen wurden wurde op in kryptyske (ferburgen) manier omskreaun. Troch kreatyf neitinken en assosjearjen kin de oplossing fûn wurde. As it wurd fûn is, kin troch werom te redenearjen ferklearre wurde hoe't it gearstald is, wêrtroch’t men by goed makke kryptogrammen frijwat wis wêze kin dat it fûne wurd goed is. De omskriuwings by in kryptogram binne yn it earste oankommen tige ûnlogysk. Mei goed lêzen is lykwols wol út te finen wat de bedoeling wie fan de makker. Om ta in oplossing te kommen is it wichtich alle wurden fan de sin op harren betsjutting(s) of synonimen en homonimen te besjen en net sasear te sjen nei de frjemd formulearre sin as ien gehiel. Oft in sin yn 'e notiid of doetiid stiet kin ek in oanwizing wêze. Is der inkeltal of meartal brûkt? Is der in ferlytsingswurd brûkt?


Kryptogram

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne