De labadisten wienen yn de 17e iuw in Nederlânske piëtistyske godtsjinstige sekte. Jean de Labadie wie harren ynspirator. Hy wie in earder jezuyt, dy't as predikant fan de Waalske tsjerke fan Middelburch stribbe nei in suvere tsjerke fan allinne wiere leauwigen. Hy waard út syn amt set yn 1669 en sammele dêrnei yn Amsterdam in groep oanhingers om him hinne. Ek op syn hichtepunt hie de streaming noch gjin 400 oanhingers. Under de Labadisten wie in tal tige bejeftige minsken, ûnder oaren Anna Maria van Schurman, Maria Sibylla Merian en Hendrik fan Deventer. De Ingelske filosoof John Locke brocht de groep in besite yn Wiuwert op 22 augustus 1684. De quaker William Penn, de stichter fan de Amerikaanske steat Pennsylvania, publisearre in ferslach oer syn besite oan de Labadisten.
De labadisten hawwe in skoft troch Nederlân en it Dútske ryk reizge om in fêst wenplak te finen. Uteinlik bedarren sy op de bûtenpleats Walthastate yn Wiuwert. Yn de kelder fan de tsjerke dêre binne in stikmannich mummys bewarre bleaun, faaks binne der ek Labadisten by.