Lettele | ||
Pleats Riete yn Lettele (2011) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Dimter | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.710 (2023) [1] | |
Oerflak | 29,12 km² dêrfan lân: 29,01 km² dêrfan wetter: 0,12 km² | |
Befolkingsticht. | 59 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 17' NB, 6° 16' EL | |
Kaart | ||
Lettele is in doarp in de gemeente Dimter yn de provinsje Oerisel. Yn 2017 hie it doarp 605 ynwenners.
Lettele leit op de Letteler es in de streek Sallân, tusken de doarpen Okkenbroek en Schalkhaar oan de Oerdyk en Bathmensewei. Oare plakken yn de omjouwing binne neist de stêd Dimter: Bathmen, Colmschate en Heeten. Under de himrik fan Lettele falle ek de lytse buorskippen Linde, Zandbelt en Alde Mole, dêr't de nôtmûne De Liuw út 1856 stiet. Oant in gemeentlike weryndieling yn 1999 wie Lettele ien fan de doarpen fan de gemeente Diepenveen.
Lettele leit oan de Europeeske kuierrûte E11, dêr ek wol Marsekreamerpaad of Hannelswei neamd. Dy E11 rint fan De Haach nei it easten, op dit stuit oant de grins Poalen/Litouwen.
Yn Lettele steane in roomske tsjerke, in basisskoalle, in bûtenswimbad en fuotbalfjilden. It is wat befolkingsopbou oanbelanget in frij jong doarp omdat it him troch wenningbou yn de ôfrûne desennia faak útwreidzje kind hat.