Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Middenstanner

In middenstanner, ek wol detailhanneler, is immen dy’t fuort oan de konsumint leveret. Eartiids wie dêr in diploma foar nedich, it saneamde middenstânsdiploma. Dizze waard easke foar it lieding jaan oan bedriuwen dy’t ûnder de Fêstigingswet foelen. It binne yn alle gefallen lytse selsstannige ûndernimmers, dy’t in ienmanssaak liede. Om it ûnderskied mei gruttere bedriuwen of op gruttere skaal aktive bedriuwen te meitsjen wurdt der foar de term ek wol lyts setten, bygelyks yn lytse middenstanner.

It wurd komt noch út de tiid dat de maatskippij noch yn stannen, of sosjale klassen, ferdield wie. De middenstân wie dan de buorgerstân fan selsstannige ûndernimmers en ambachtslju. It wie de stân tusken de arbeiders en de kapitalisten.


Previous Page Next Page






Middenstander Dutch

Responsive image

Responsive image