Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Neiwurd

In neiwurd is in ornaris ridlik koart stik tekst dat soms efteroan yn in boek of in oare útjefte pleatst wurdt. It is oer it algemien fierhinne itselde as in foarwurd, mei it ferskil dat in foarwurd oan it begjin fan in publikaasje ynfoege wurdt. Fierders is in foarwurd soms skreaun troch in oar as de auteur fan it boek, wylst in neiwurd faker skreaun is troch de auteur sels. Oer it algemien behannelet in neiwurd de tastânkomming fan it boek, of giet it yn op in beskaat aspekt fan 'e ynhâld. Inkeld nimt in neiwurd de foarm oan fan in soarte fan essay oangeande de histoaryske of kulturele kontekst fan it oangeande boek. Dat komt benammen foar by werútjeften dy't lange tiid nei de oarspronklike útjefte plakfine. Yn sokke gefallen komt it wol gauris foar dat it neiwurd troch in oar as de auteur sels skreaun is, fral fansels as de auteur yn 'e tuskentiid kommen is te ferstjerren.

Konsepten dy't oerienkomsten mei it begryp 'neiwurd' fertoane, binne û.o. konklúzje, summary, epilooch en postskriptum.


Previous Page Next Page






Nachwort ALS خاتمة Arabic Doslov Czech Nachwort German Afterword English 後書き Japanese ბოლოთქმა KA Posłowie Polish Послесловие Russian 书后 Chinese

Responsive image

Responsive image