De Nelore of Nellore is in fleiskoweras dat ôfstammet fan de Ongole (Sebû as Bos indicus) út Yndia, dy't yn de 19e iuw ynfierd waard yn Brazylje. It ras is neamd nei it distrikt Nellore yn Andra Pradesj. De Nelore hat in opfallend grutte bulte op skouders en nekke. Sy steane heech op de poaten sadat sy maklik troch wetter rinne kinne by it foerazjearjen. De Nelore kin him oan alle klimaten oanpasse, útsein de meast kâlde. Sy kinne in soad waarmte ferneare en hawwe in natuerlike wjerstân tsjin in protte parasiten en syktes. Brazylje is de grutste fokker fan de Nelore. Der is in natuerlike line fan it ras dat gjin hoarnen krijt.