Nemain (Neamhain) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
religy | Iersk heidendom | |
domein | oarlochsgaos op it slachfjild | |
famyljerelaasjes en oare besibskip | ||
oarehelte | Neit | |
heit | Elcmar | |
suster | Babd, Macha | |
ekwifalint | Walkueren | |
attributen | ||
bist | krie |
Nemain of Neman (modern Iersk: Neamhain of Neamhan; anglisearre ta Nemane) is yn 'e Ierske mytology in froulike natoergeast of goadinne dy't de oarlochsgaos op it slachfjild personifiëarret. As sadanich is hja ien fan in trijetal fan sokke goadinnen dy't mei-inoar de Morrígan foarmje, wêrby't de oare beide as har susters omskreaun wurde.