De Noarderheaks (Nederlânsk: Noorderhaaks) is in sânplaat fuortendalik oan de westkant fan it Marsdjip tusken Teksel en de Kop fan Noard-Hollân, en is ûntstien troch tijwurking fan de Noardsee. In grut part fan de plaat komt hast nea ûnder wetter, allinnich by in stoarmfloed. De sânplaat hat in grutte fan likernôch 5 fjouwerkante kilometer en is in saneamd ‘eilân yn wurding’. De plaat giet mei in gong fan sa'n hondert meter it jier rjochting it Marsdjip en is grûngebiet fan de gemeente Teksel. De Noarderheaks is in part fan de Waadeilannen.