De Normande of it Normandyske ras, is in koweras dat oarspronklik út Normandje yn Frankryk komt.
It ras soe ûntstien wêze út de kij dy't dêr troch de Wytsingen hinnebrocht binne.
It ras is in dûbelddoelras, mar de klam leit op de molkproduksje, dy't op sa'n 8000 kg it jier leit. De molke is fral gaadlik foar it meitsjen fan tsiis. De molke hat in fetgehalte fan 4.30% en in aaiwytgehalte fan 3.50%