Oer-Hamlet

Oer-Hamlet
algemiene gegevens
oarspr. titel Hamlet
auteur William Shakespeare?
Thomas Kyd?
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun <1589
1e publikaasje (nea publisearre?)

Oer-Hamlet, yn it Ingelsk: Ur-Hamlet, is de namme wêrmei't in ferlern gien toanielstik fan ûnbekend auteurskip oantsjut wurdt. Der waard foar it earst yn 1589 nei ferwiisd yn Thomas Nashe syn yntroduksje ta it stik Menaphon, fan Robert Greene, mear as tsien jier foar't de Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare yn 1603/1604 syn wiidferneamde trageedzje Hamlet, Prins fan Denemark skreau. Ut in ferskaat oan oerlevere ferwizings docht bliken dat in toanielstik mei Hamlet yn 'e haadrol al wolbekend wie yn 'e njoggentiger jierren fan sechstjinde iuw, en der is bewiis fan in opfiering fan it stik yn 1594.


Oer-Hamlet

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne