In prolooch (ek foarspul, mar net te betiizjen mei in foarwurd) is in stik tekst of muzykstik dat oan it begjin fan in ferhaal, toaniel- of muzykstik komt. It wurdt komt fan it Aldgrykske πρόλογος, prólogos, dat letterlik "foar-spraak" of "foar-wurd" betsjut.
It kin de ynlieding fan in boek of in toanielstik wêze. De prolooch bestiet út in koarte, ynliedende tekst dy’t oanjout wêrom’t it boek of toanielstik skreaun is, of ferhaal wat der oan de hanneling foarôf gien is.