It beprinte part fan in side hjit de setspegel. Mei’t in side eins nea yn syn hiele hear en fear mei tekst beprinte wurde sil, hat de setspegel wite rânen om him hinne, de wytmarzjes. In part fan de setspegel kin lykwols oan de râne fan it papier trochrinne: dat prosedee wurdt benammen by byldmateriaal tapast, sadat der bûten de yllustraasjes gjin wyt mear is. By byldfoljende yllustraasjes wurdt sels de folsleine setspegel negearre. De yllustraasjes hjitte dan ôfrinnend.