Slachtoffer

Russyske slave-arbeidsters yn nazy-Dútslân wurde befrijd út in kelder dy't troch in Dútske plysjeman yn 'e brân stutsen is, Osnabrück, 7 april 1945.

In slachtoffer is in persoan dy't in skokkend barren bûten de wenstige minsklike ûnderfining belibbe hat, en dêrby psychysk kwetst, lichaamlik ferwûne of dea rekke is, der finansjeel troch beneidiele is of der tsjûge fan west hat. Salang't in slachtoffer sa'n barren oerlibbet, wurdt de ynfloed dy't de ûnderfining op him of har hat benammen bepaald troch syn of har eigen belibbing. Dêrby giet it yn alle gefallen om normale minsklike reäksjes op in abnormaal foarfal. It barren dêr't it slachtoffer-wêzen troch feroarsake wurdt, kin sawol in natoerramp wêze, dêr't nimmen skuld oan hat, as in ûngelok, dêr't mooglik ek nimmen skuld oan hat of dat sûnder erch of by fersin feroarsake is, as in misdriuw, dat it slachtoffer mei opsetsin troch in dieder oandien is. By misdriuwen kin it bgl. gean om dieverij, ynbraak, mishanneling, seksuële oantaasting, ferkrêfting of moard.

De oarspronklike, yn ûnbrûk rekke betsjutting fan it wurd 'slachtoffer' ferwiist nei in offerdier of in minske-offer, dat deade wurdt yn it ramt fan in offerritueel foar in godheid. Dêrfandinne ek it wurddiel 'slacht-', dat nei slachtsjen ferwiist. It tiidwurd 'slachtofferje' betsjut dat men immen opofferet (ta slachtoffer makket) foar in heger belang. It Ingelske wurd foar 'slachtoffer' is victim. De tûke fan 'e psychology dy't wittenskiplik ûndersyk docht nei slachtoffers en slachtofferskip hjit de fiktimology. It ferskynsel dat nei in, faak gewelddiedich, misdriuw it slachtoffer de skuld jûn wurdt (bgl. as men nei in ferkrêfting seit dat it slachtoffer dan ek mar net yn sa'n koart rokje omrinne moatten hie), hjit victim blaming.

Yn it Nederlânske strafrjocht is it slachtoffer de beneidielde: dejinge dy't ferklearret skea oprûn te hawwe troch in misdriuw. Oarspronklik wiene sokke lju gjin partij yn it strafproses. Sûnt it begjin fan 'e ienentweintichste iuw is de wetlike posysje fan it slachtoffer lykwols fuortsterke. Sa hawwe slachtoffers fan earnstige misdriuwen (of yn gefallen fan moard harren djipdrôven) sûnt 2005 it rjocht om ûnder der rjochtsaak tsjin 'e persoan(en) dy't derfan fertocht wurdt (of wurde) de dieder(s) te wêzen, in slachtofferferklearring ôf te lizzen, wêryn't se fertelle hokker ynfloed it misdriuw op harren libben hân hat en/of noch hat. Ek binne sûnt likernôch 2015 it Iepenbier Ministearje en de plysje ferplichte om 'e slachtoffers (of harren djipdrôven) fan 'e fuortgong en it resultaat fan it ûndersyk en de strafferfolging op 'e hichte te hâlden.

Slachtoffers kinne harren ek mei in sivile foardering by in strafsaak jaan, wêrby't se, ûnder guon betingsten, sels gjin abbekaat yn hoege te hieren. Fierders kinne slachtoffers in útkearing krije út it Skeafûns Geweldsmisdriuwen. Psychyske help is foarhâns troch it Buro Slachtofferhelp, dêr't se mei yn kontakt brocht wurde nei't se oanjefte fan in misdriuw dien hawwe by de plysje. Dy ynstânsje begeliedt lykwols ek slachtoffers fan slimme ûngelokken en rampen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: It korrespondearjende artikel op 'e Nederlânsktalige Wikipedy.



Slachtoffer

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne