Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Slavekust

Festigingen fan de WIC dy't ta de Slavekust rekkene waarden

De Slavekust wie in hannelsgebiet fan de Westyndyske Kompanjy (WIC), oan de Baai fan Benyn, yn West-Afrika. De faktorijen leine yn Nigeria, Benyn en Togo. Ek waard it eilân Sao Tomee ta it gebiet rekkene. De faktorijen waarden hast allinne brûkt om slaven te ronseljen foar de slavehannel op Amearika. De Slavekust lei beëasten de folle gruttere Goudkust, dêr't njonken goud ek slaven weihelle waarden.


Previous Page Next Page