Soesterberg is in doarp fan 7210 ynwenners (2021) en leit tusken Amersfoart, Seist en Soest tusken de provinsjale wei Amersfoart-Utert (N237) en de autosneldyk A28. It falt ûnder de gemeente Soest yn de provinsje Utert.
It doarp is neamd nei de 'berch' dy't men oer moast foar it ferkear fan en nei Soest, de heuvel dy't no't Hoogt heet.