In stamhartochdom, in ferwizing nei de Germaanske folksstammen de Saksen, Franken, Bajuwaren (Beieren) en Sueven (Swaben of Alemannen), wie in hartochdom yn it Eastfrankyske of Dútske keninkryk oan 'e ein fan de Karolingyske tiid, mei de dea fan Loadewyk it Bern yn 911, en yn de oergong ta it Hillige Roomske Ryk letter yn de tsiende iuw. De Karolingen hiene de oarspronklike stamhartochdommen yn de achtste iuw yn it Frankyske Ryk opheft. Doe't it Karolingyske Ryk yn de twadde helte fan de njoggende iuw yn it neigean rekke, bloeiden de eardere stamgebieten wer op as bestjoerlike ienheden yn it ryk. Der wiene fiif stamhartochdommen, ek wol "jongere stamhartochdommen" neamd ta tsjinstelling fan de tastân fan foar de Karolingen: Beieren, Franken, Loataringen, Saksen en Swaben (Alemanje). De Salyske keizers, dy't regearre hawwe fan 1027-1125, lieten de stamhartochdommen ynearsten as de yndieling fan Dútslân bliuwe. Dy yndieling rekke lykwols ferâldere yn de rin fan de earste helte fan de lette Midsiuwen ûnder de Hohenstaufen en keizer Freark Barbarossa hat harren ta einbeslút opheft yn it foardiel fan lytsere en mear foarstendommen.
De term "Stamhartochdom", sa't it brûkt wie yn de Dútske skiedkunde, giet werom nei de njoggentjinde iuw en wie ynearsten tige besibbe oan de fraach fan nasjonale ienheid.