Steapelrjocht

It steapelrjocht, yn it Latyn Ius emporii, is it rjocht dat guon stêden hienen op it keapjen fan al it guod dat troch de stêd kaam. Hjirta moast it guod foar in pear dagen, de steapeltiid, yn de stêd steapele wurde.

It rjocht is nei gedachten troch Karel de Grutte ynsteld, en waard normaliter koft fan de keizer. Der binne lykwols ek stêden dy't dat rjocht fan de omkriten krigen, koft of ôftwongen hawwe. Bygelyks is fan Grins wis dat it yn 1473 it rjocht by ferdrach mei de Ommelannen krigen hat. It rjocht is ôfskaft troch it Kongres fan Wenen.

Troch it steapelrjocht koe in plak foarby de stêd net konkurrearje mei de stêd om't de stêd altiten de earste keap hie. It wie ek net tastien en farje om de steapelstêd hinne; it steapelrjocht gou ek foar ferkear yn de omkriten fan de stêd. At keaplju it steapelrjocht ûntgean woenen koe dat allinnich troch steapeljild te beteljen, dêr't it steapelrjocht mei ôfkoft waard, feitlikens in foarm fan tol. Sa koe guod dat farsk bliuwe moast gau troch de stêd komme, mar fansels waard it dêrtroch al djoerder. Steapelrjocht hat dêrmei dúdlik in hinder west foar de ferkeap fan lanbougoud.

In stêd dy't steapelrjocht hie, hie almeast ek oerslachrjocht. Dy twa rjochten binne wol brûkt foar in monopoalje op de ynfier fan frjemd guod. Sok guod koe dan mar yn in beheind tal havens ynfierd wurde, dêr't it dan ferkoft wurde moast oan de keaplju fan de stêd dy't it dan mei eigen skippen fierder ferfierden.


Steapelrjocht

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne