Streekpaden binne regionale rekreative kuierpaden tusken de 80 en 365 km lang. De streekpaden binne lykas de GR-Paden yn etappen opdield. Yn Flaanderen wurde sokke paden dan ek Streek-GR neamd.
In streekpaad is meastentiids in sletten rûte, oftewol in rûte dêr’t it begjin- en einplak itselde binne. In fariaasje dêrop is WaddenWandelen (SP 4) dy't bestiet út losse rûten op 'e eilannen. It bekendste streekpaad yn Fryslân is it Alvestêdepaad (SP 19).