Toerako-eftigen

toerako-eftigen
In wytbealchtoerako (Crinifer leucogaster)
In wytbealchtoerako (Crinifer leucogaster)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: trapfoarmigen (Otidimorphae)
skift toerako-eftigen
   (Musophagiformes)
Seebohm, 1890

De toerako-eftigen ([[wittenskiplike namme]: Musophagiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae) en it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves). Dit skift bestiet mar út ien inkele famylje, nammentlik dy fan 'e toerako's (Musophagidae), dy't sels wer útinoar falt yn trije ûnderfamyljes. Yn fersprieding binne de toerako-eftigen beheind ta Afrika besuden de Sahara.

De toerako-eftigen binne nau besibbe oan 'e koekoekeftigen (Cuculiformes) en de trapeftigen (Otidiformes). Foarhinne waarden se faak ûnderbrocht yn it skift fan 'e koekoekeftigen, mar resinte genetyske analyze wiist der sterk op dat de toerako-eftigen as taksonomyske groep op deselde hichte steane as de koekoekeftigen. Sadwaande is de noch rangleaze groep fan 'e trapfoarmigen (Otidimorphae) foarsteld om dy beide nau besibbe groepen mei de trapeftigen yn ûnder te bringen.


Toerako-eftigen

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne