Wangereagersk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Wangereachsk, Wangereager Frysk | |
lânseigen yn | Wangereach | |
tal sprekkers | ~300-400 (om 1800, 1950 útstoarn) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Frysk ● Eastfrysk ● Wangereager Frysk | |
dialekten | wierskynlik gjin | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjin (útstoarn) |
It Wangereagersk wie in Frysk dialekt dat sprutsen waard op it Dútske Waadeilân Wangereach. It dialekt is yn 1950 foarfêst útstoarn. Hjoed de dei binne der noch mar in pear minsken dy’t it dialekt praten heard hawwe. Dochs is der in protte oer it dialekt bekend omdat der in protte dokumintaasje oer it Wangereagersk oanwêzich is.