Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.
Westerkertier
Dizze side giet oer it histoaryske gea. Foar de hjoeddeistige gemeente, sjoch: Westerkertier (gemeente).
It Westerkertier (Grinslânsk: Westerkertaaier, lokaal: Westerkertier of foarhinne ek wol de Grinzer Wâlden[1]) is in gea yn it westen fan de provinsje Grinslân. De streek wurdt beheind troch de Lauwers (dy't ek de grins mei Fryslân is), Drinte, it Reitdjip en de stêd Grins. De grutste plakken yn it Westerkertier binne De Like en Súdhorn.
↑Fan 1856 ôf brûke advertinsjes yn 'e Ljouwerter Krante de term Groninger wouden regelmjittich, hoewol oerset yn it Nederlânsk. Earste fermelding: Sjeerp Gratema, 'Over de naamsreden, of den naamsoorsprong, van Drenthe', in: Vaderlandsche letter-oefeningen, of tijdschrift van kunsten en wetenschappen 2 (1828), 227-236, 235. De no ferâldere term wurdt ek brûkt troch Douwe Kiestra, De Buorskip, 1970, 103.