Westerkertiersk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Westgrinslânsk | |
eigen namme | Westerkertiers | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 23.000 | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nedersaksysk - Friso-Saksysk - Grinslânsk - Westerkertiersk | |
dialekten | * Middaglânsk
| |
taalstatus | ||
offisjele status | it Westerkertiersk wurdt beskôge as in dialekt fan it Nedersaksysk; op himsels genietet it gjin erkenning | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | n.f.t. | |
ISO 639-2 | n.f.t. | |
ISO 639-3 | n.f.t. |
It Westerkertiersk, inkeld ek wol Westgrinslânsk neamd, is in Nedersaksysk dialekt dat sprutsen wurdt yn it saneamde Westerkertier, it súdwestlike part fan 'e provinsje Grinslân, en yn it easten fan 'e Fryske gemeente Kollumerlân.
It Westerkertiersk wurdt tsjintwurdich noch sprutsen troch likernôch 23.000 minsken. Dêrfan wenje goed 22.000 yn Grinslân en likernôch 800 yn eastlik Kollumerlân. In grut part fan 'e sprekkers heart lykwols ta de âlderein en sadwaande nimt harren oantal ôf.
Op guon kaarten dêr't de dialekten fan Nederlân op oanjûn steane, wurdt in grut part fan it Westerkertierske taalgebiet omskreaun as "Kollumerlânsk", dat in Nedersaksysk dialekt wêze soe. It Kollumerlânsk is lykwols in subdialekt fan it Westerkertiersk dat net betize wurde moat mei it Pompstersk fan Kollumerpomp, dat in Nedersaksysk dialekt is, of mei it Stedske dialekt fan Kollum sels.
It aksint fan it Westerkertiersk wykt in bytsje ôf fan dy fan de oare Grinslânske dialekten. It Westerkertiersk lûdt as in kombynaasje fan Grinslânsk en in bytsje Stellingwerfsk mei in Frysk aksint. Hjirtroch wurdt it Westerkertiers soms ek wol as apart dialekt sjoen.