Wurdboarterij

In wurdboarterij is in kombinaasje fan wurden dêr't men bewust in komysk of retoarysk effekt mei neistribbet. It kin in literêre technyk wêze, in stylfiguer, in ynsinuaasje, in grap of in kombinaasje fan ien of mear fan dy dingen. As in wurdboarterij net inkeld bedoeld is om minsken oan it laitsjen te krijen, mar ek om in ûnderlizzend boadskip oer te bringen en de lju dêrmei oan it neitinken te setten, sprekt men fan in 'dûbele boaiem'. Soms binne wurdboarterijen mei opsetsin fiersocht, om 'e lêzer of taharker op 'e ferkearde foet te setten. In protte wurdboarterijen binne basearre op fonetyske oerienkomsten tusken wurden dy't fierders neat of net folle mei-inoar te krijen hawwe. Fierders binne wurdboarterijen taalspesifyk; d.w.s. wurdboarterijen dy't yn 'e iene taal wurkje, binne faak net oer te setten nei in oare taal, om't dêr net deselde fonetyske oerienkomsten besteane. Inkeld yn nau besibbe talen kinne wurdboarterijen soms fan 'e iene nei de oare taal oerset wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Wurdboarterij

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne