Yavin

De gasreus Yavin (readbrún) mei syn fjirde moanne (blau).

Yavin, ek wol Yavin-Primus neamd ta ûnderskie fan syn moannen, is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise. It is in reade gasreus dy't ûngaadlik is foar bewenning, mar it hat gâns in satellytsysteem fan teminsten 23 ûnderskate moannen. De fjirde moanne, Yavin-IV (ek skreaun as Yavin-4), hat in soerstofrike atmosfear en in ryk plantelibben. Yavin-IV wurdt yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) út 'e romte wei werjûn as in blauwe en griene, op 'e Ierde lykjende wrâld, wylst bylden op it oerflak in wielderich, mei tropysk oerwâld begroeid gebiet sjen litte. De opnamen fan 'e sênes op Yavin-IV fûnen plak by de Maya-ruïnestêd Tikal, yn Gûatemala.


Yavin

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne