Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Zeddam

Zeddam (Nedersaksysk: Zerrem) is in doarpskearn yn de gemeente Montferland yn Gelderlân. It doarp leit oan de foet fan it Montferlân en de Bergherbosk. Zeddam leit oan de wei fan Doetinchem nei 's-Heerenberg. Dy wei gie eartiids rjochttroch, mar sûnt it begjin fan de 21e iuw wurdt it ferkear om Zeddam hinne laat. Yn 1969 waard Vinkwijk by Zeddam foege.

Der komme in soad toeristen fanwege it moaie boskgebiet dêr't Zeddam neist leit.

It doarp bestiet út trije dielen:

  • it heger lizzende Boppedoarp
  • it leger lizzende Underdoarp
  • tuskenyn it Middendoarp

Yn it Boppedoarp stiet de roomsk-katolike Sint Oswaldustsjerke dêr't it âldste diel fan út de 12e iuw komt. Zeddam is de iennichste Nederlânske parochy mei Sint Oswaldus as beskermhillige. Neist de Oswaldustsjerke stiet in lytse Nederlânsk Herfoarme tsjerke. Ek stiet yn it boppedoarp de âldste mole fan Nederlân, De Greeflike Nôtmole. Dy beltmole datearret al fan foar 1441. De oare mole yn Zeddam is De Folharding, in beltmole út 1891.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Previous Page Next Page






Zeddam AF Zeddam German Zeddam English Zeddam French Zerrem NDS-NL Zeddam (dorp) Dutch Zeddam NB Зеддам Ukrainian Zeddam VO Zeddam (chng) ZH-MIN-NAN

Responsive image

Responsive image