Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Aerofoan

In aerofoan is in muzykynstrumint dat foar it meitsjen fan lûd in luchtstream nedich hat; technysk sjoen ûntstiet by in aerofoan de klank troch triljende lucht yn in buis. Se foarmje ien fan de fjouwer oarspronklike groepen yn de klassifikaasje fan Hornbostel-Sachs.

Fierwei de measte aerofoanen binne dêrom blaasynstruminten. In piipoargel en wynoargel binne wol aerofoan mar gjin blaasynstrumint. In snoarrebonke (snorrebot) jout lûd troch it yn de loft rûn te slingerjen, wylst der fan blazen gjin sprake is.

Aerofoanen wurde sa yndield:

4.1 mei doel rjochte smelle luchtstream:
4.1-1 Fluiten (dwarsfluit, blokfluit)
4.1-2 Hoarns en trompetten (hoarn, tromboane)
4.1-3 Skalmeien (hobo, klarinet, saksofoan)
4.2 frije relatyf brede luchtstream
4.2-1 net mei doel rjochte luchtstream efter de trillingsboarne (akkordeon, harmoanium, minsklike stim)
4.2-2 foar en efter de trillingsboarne net mei doel rjochte (swypslach, snoarrebonke)

Previous Page Next Page






Aerophon ALS آلة هوائية Arabic Aerofon Czech Aerophon German Αερόφωνο Greek Aerophone English Aerosonilo EO Aerofonid ET آئروفون FA Aerofoni Finnish

Responsive image

Responsive image