Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Afro-Aziatyske talen

Afro-Aziatyske talen
algemien
oare namme(n) Hamito-Semitysk, Semito-
Hamitysk, Afraziatysk
lokaasje Noard-Afrika, de Hoarn fan
Afrika
, dielen fan West-Afrika,
it Midden-Easten en Malta
tal talen ±300
tal sprekkers >495 miljoen (2018)
taalbesibskip
taalfamylje gjin algemien akseptearre
heger nivo fan taalfamylje
subgroepen Berbersk
Egyptysk
Kûsjitysk
Omoatysk
Semitysk
Tsjadysk
taalkoades
ISO 639-5 afa

De Afro-Aziatyske talen foarmje in grutte taalfamylje fan likernôch 300 ûnderskate talen, dy't sprutsen wurde yn Noard-Afrika, de Hoarn fan Afrika, dielen fan West-Afrika, it meastepart fan it Midden-Easten en op Malta. Oare nammen foar de famylje binne Hamito-Semitysk, Semito-Hamitysk (beide no fierhinne yn ûnbrûk rekke) en Afraziatysk (nea bot yn gebrûk kommen). Fierwei de grutste taal fan 'e groep is it Arabysk, in dialektkontinuum dat rikt fan 'e Atlantyske Oseaan oant de Arabyske See. In oar bekend lid fan 'e famylje is it Hebriuwsk, de nasjonale taal fan Israel. It Malteesk is de iennichste Afro-Aziatyske taal dy't fan oarsprong bûten Afrika en Aazje sprutsen wurdt. Mei mear as 495 miljoen memmetaalsprekkers foarmje de Afro-Aziatyske talen anno 2018 de op trije nei grutste taalfamylje fan 'e wrâld (nei de Yndo-Jeropeeske, de Sino-Tibetaanske en de Niger-Kongoleeske talen). Njonken talen dy't hjoed de dei noch sprutsen wurde, omfettet de Afro-Aziatyske taalfamylje ek útstoarne talen, dy't ta de ierst oerlevere talen fan 'e wrâld hearre, lykas it Egyptysk út 'e tiid fan 'e farao's en it Akkadysk fan Assyrje en Babyloanje.


Previous Page Next Page