Alderdom, âldens, âlder of (mei in folslein yn it Frysk ynboargere hollanisme) leeftyd is de tiidsdoer op in beskaat tiidstip dy't in organisme libbe of in objekt bestien hat. Yn 'e measte gefallen sil it bedoelde tiidstip it no wêze, en de âlderdom de folsleine tiidsdoer fan libben of bestean yn ferline en hjoed. Alles wat yn 'e tiid bestiet (en dat is alles) hat in beskate âlderdom, fan it hielal oant it lytste molekulêre dieltsje. De âlderdom fan in organisme of objekt kin ek allinnich mar grutter wurde, wat bart yn in proses dat ferâldering hjit. (It tsjinstelde, ferjonging, is in mytysk konsept dat yn it echt net bestiet.) It meast wurdt it begryp âlderdom lykwols brûkt yn 'e kontekst fan 'e libbensdoer fan minsken. De gemiddelde âlderdom fan in minsklike befolking is yn 'e demografy in wichtich middel om in yndikaasje te jaan fan û.o. de fergrizing.