amfibyen | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
(sûnder rang): | weefseldieren (Eumetazoa) | |
tuskenryk: | twasidigen (Bilateria) | |
(sûnder rang): | termdieren (Nephrozoa) | |
boppestamme: | nijmûnigen (Deuterostomata) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
tuskenstamme: | kaakdieren (Gnathostomata) | |
boppeklasse: | fjouwerpoatigen (Tetrapoda) | |
klasse: | amfibyen (Amphibia) | |
Gray, 1825 | ||
De amfibyen (wittenskiplike namme: Amphibia) foarmje in klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) en de boppeklasse fan 'e fjouwerpoatigen (Tetrapoda). It binne kâldbloedige, fjouwerpoatige bisten, dy't in ferskaat oan biotopen bewenje, mar it meast dy dy't op 'e grins fan (swiet) wetter en lân lizze en teffens sokke fochtige lânskippen as reinwâlden. Amfibyen ûnderskiede har fan oare fjouwerpoatigen troch in tige tinne hûd, dêr't se ûnder wetter troch sykhelje kinne, en troch in larvaal stadium oan it begjin fan har libben. Hoewol't se gauris yn ien sike wei neamd wurde mei de reptilen, binne se dêr net nauwer mei besibbe as mei de fûgels of de sûchdieren. De fisken steane sels noch fierder fan 'e amfibyen ôf. De tûke fan 'e biology dy't amfibyen bestudearret, hjit de batrachology.