Antarktika is in wrâlddiel rûn de súdpoal fan de ierde, mei der omhinne de Súdlike Oseaan of Antarktyske Oseaan. Dy oseaan rint oer yn de Grutte Oseaan en de Yndyske Oseaan, wêrby de grins tsjintwurdich fêststeld is as de 60e breedtegraad.
Op Antarktika lizze gjin lannen, wol binne der in tal lannen dy't der ûndersyk dogge. De measte dêrfan hawwe dêrta ûndersykstasjons op Antartika. Nederlân is in útsûndering om't it al ûndersyk docht mar gjin eigen stasjon yn it gebiet boud hat.
Ferskate lannen hawwe oanspraak makke op parten fan Antarktika. Sokke gebietsoanspraken genietsje ynternasjonaal gjin erkenning en troch it Antarktysk Ferdrach wurde se bekrêftige noch ûntstriden. Op kaarten wurde se lykwols gauris oanjûn om't der oars sa'n grut wyt plak op 'e kaart komt.
Steat | Gebiet | Kleemgrinsen | Sûnt |
---|---|---|---|
Argentynje | Argentynsk Antarktika | 25°W oant 74°W | 1943 |
Austraalje | Australysk Antarktysk Territoarium | 160°E oant 142°2′W en 136°11′W oant 44°38′E | 1933 |
Brazylje | Brazyljaansk Antarktika | 28°W oant 53°W | 1986 |
Frankryk | Adelylân | 142°2′E oant 136°11′E | 1924 |
Grut-Brittanje | Britske Antarktyske en Súdlike Territoaria | 20°W oant 80°W | 1908 |
Noarwegen | Keninginnne Maudlân | 44°38′E oant 20°W | 1939 |
Peter I-Eilân | 68°50′S 90°35′W | 1929 | |
Nij-Seelân | Ross-ôfhinklikheidsgebiet | 150°W oant 160°E | 1923 |
Sily | Sileensk Antarktika | 53°W oant 90°W | 1940 |
Net kleemd | 90°W oant 150°W |