Arthur Conan Doyle | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Arthur Ignatius Conan Doyle | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 22 maaie 1859 | |
berteplak | Edinburch (Skotlân) | |
stoarn | 7 july 1930 | |
stjerplak | Crowborough (Ingelân) | |
etnisiteit | ![]() ![]() | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, detektiveromans, fantasy, hist. romans, toaniel, poëzij, non-fiksje, autobiografy | |
perioade | Belle Époque, 1e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
The Sign of the Four The Hound of the Baskervilles The Return of Sherlock Holmes The Lost World | |
jierren aktyf | 1879 – 1930 | |
offisjele webside | ||
www.conandoyleestate.com |
Arthur Conan Doyle (folút: sir Arthur Ignatius Conan Doyle; Edinburch, 22 maaie 1859 – Crowborough, 7 july 1930) wie in Britsk medikus en skriuwer, dy't fral bekend wurden is troch syn romans en koarte ferhalen oer de detektive Sherlock Holmes en syn assistint dokter John Watson, dy't as mylpeallen en masterwurken op it mêd fan it detektivesjenre beskôge wurde. Doyle hie in breed oeuvre en is ek bekend as auteur fan boeken en ferhalen yn it sjenre fan 'e fantasy (bgl. syn roman The Lost World). Teffens skreau er histoaryske romans, toanielstikken, poëzij en non-fiksje. Njonken syn medysk wurkpaad, syn karriêre as skriuwer en syn twa houliken lei Doyle him ek ta op polityk en spiritisme, en besocht er mei súkses in pear rjochterlike dwalings te korrizjearjen.