Isidore Marie Auguste François Xavier Comte (Montpellier, 17 febrewaris 1798 – Parys, 5 septimber 1857) wie in Frânsk wiskundige en filosoof. Hy wie ien fan de earste wittenskipsfilosofen en de grûnlizzer fan it positivisme, dat bedoeld wie om oan de malêze ûntstien nei de Frânske Revolúsje in ho ta te roppen. Auguste Comte heart ek ta de grûnlizzers fan de sosjology. Syn religy fan de minskheid ("L'amour pour principe et l'ordre pour base; le progrès pour but") waard populêr yn Frankryk, Meksiko en it Brazyljaanske keizerryk en stoar in sêfte dea oan it begjin fan de 20e iuw.