Bela Lugosi | ||
akteur | ||
Bela Lugosi as Drakula (1931) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Béla Ferenc Dezső Blaskó | |
nasjonaliteit | Eastenryk-Hongarije | |
berne | 20 oktober 1882 | |
berteplak | Berlyn | |
stoarn | 16 augustus 1956 | |
stjerplak | Los Angeles | |
etnisiteit | Hongaarsk | |
jierren aktyf | 1901 - 1959 | |
offisjele webside | ||
Offisjele Bela Lugosi webstee, ûnderhâlden troch de famylje Lugosi |
Béla Lugosi, artystenamme fan Béla Ferenc Dezső Blaskó (Lugos (Banaat, Hongarije), 20 oktober 1882 – Los Angeles (Kalifornje), 16 augustus 1956) wie in Amerikaansk-Hongaarsk akteur.
Lugosi is fral bekend fan syn rollen yn grizelfilms, benammen troch syn fertolking fan greve Dracula.
Doe't ein 1931 Frankenstein yn de filmsealen ferskynde, hie net ien it mear oer Lugosi. Boris Karloff wie de nije stjer oan it horrorfirmamint. De akteurs hawwe in pear kear tegearre yn deselde films spile, mar eltse kear kaam Lugosi mear yn 't skaad fan Karloff te stean. In oare faktor yn syn delgong wiene de fermoedens oer syn bannen mei it kommunisme.
Lugosi hat lange jierren oan morfine ferslaafd west, mar hy hat syn ôfhinklikens oerwûn mei in ôfkikprogramma (1954). Hy wie ek de earste Hollywoodakteur dy't syn ferslaving iepenlik yn de media bespriek.
Lugosi stoar op 16 augustus 1956 mei 73 jier yn syn appartemint yn Hollywood oan in hertoanfal, earm en ûngelokkich. Frank Sinatra betelle de begraffenis. Lugosi waard beïerdige yn in folslein Drakula-kostúm op it Holy Cross Cemetery, Culver City.