In binde is in groep bekenden, freonen of famyljeleden mei in dúdlike lieder en in ynterne organisaasjestruktuer, dy't him skuldich makket oan kriminele aktiviteiten. Dêrby kin it gean om dingen lykas dieverij, ynbraken, drugshannel, drugssmokkel, eksploitaasje fan prostitúsje, ferkrêfting, moard, ensfh. In soad bindes claime in beskaat territoarium binnen in mienskip (lykas in stêd), en ferdigenje dat mei geweld tsjin ynkringing troch oare bindes, en soms ek tsjin 'e autoriteiten. Konflikten tusken bindes kinne liede ta in saneamde binde-oarloch, wêrfan't gauris ek ûnskuldige omstanners it slachtoffer wurde. Yn guon bindes moatte nije leden in inisjaasjerite ôflizze; faak hat dat te krijen mei geweld fan 'e oare bindeleden yn 'e rjochting fan it nije lid (dat dan 'troch de spitsroeden rinne' moat). It kin der ek op delkomme dat it nije lid him bewize moat troch geweld te dwaan tsjin in lid fan in oare binde of tsjin in oare oanwiisde persoan.